Halbertsma Jongerein Toaniel Wergea

Al sûnt 1994 wurde der alle jieren ferskate ienakers op ’e planken set troch de Wergeaster jongerein. Organisearre troch ús, it Halbertsma Jongereinbetsjoer, is it eltse kear wer in grut spektakel. Wylst der earst altyd repetearre waard by Jaap en de útfierings plakfûnen op syn boppeseal, moasten wy in jier as acht lyn dochs wol heech nedich de oerstap meitsje nei de Bidler. De ôfrûne jierren is de kweekfiver hieltyd grutter wurden en foller rekke; jo hawwe wol yn ’e gaten, ús Wergeaster bern binne net fan it poadium te slaan!! Dat om alle heiten en memmen, pakes en beppes, broerkes en suskes, neefkes en nichtsjes, omkes en muoikes, freonen en freondinnen allegear de kâns te jaan harren stjêr spiljen te sjen, is de Bidler fansels the place to play!!

Wy binne dan ek tige wiis mei alle bern en hartstikke grutsk dat it alle jierren wer sa’n feest is! No ek binne wy wer drok dwaande mei repetearjen en bouwen om der wer wat moais fan te meitsjen. Yn oktober binne wy mei trekker en wein troch it doarp hobbele om sa de jongerein foar ús te winnen en dat hat 18 poadiumbisten opsmiten! Neidat wy de groepkes makke hawwe, binne wy nei de krystfakânsje startten mei de repetysjes en freed 10 en sneon 11 april sil it heve!

It belove wer twa prachtige jûnen te wurden dus mis it net! Nijsgjirrich wurden? Tsjek de Aginda foar de stikken dy’t spile wurde!

Oan’t 10 en 11 april!

It Halbertsma Jongereinbestjoer